Slaanderij om hûn

Hûn © ANP XTRA
De plysje hat sneintemiddei op de Oldegalilëen yn Ljouwert twa ynwenners fan de stêd oanholden foar mishanneling. In 45-jierrige Ljouwerter hie spul krigen oer in hûn mei in 34-jierrige stedsgenoat. Dy rûzje gie sa mâl dat de twa inoar begûnen te slaan.
Beide manlju rekken ferwûne by de houwerij. De 45-jierrige Ljouwerter moast mei de ambulânse nei it sikehûs. Nei behanneling waard er nei it plysjeburo brocht. Dêr waard er fêstset. De oare Ljouwerter is ek oanhâlden en fêstset foar ûndersyk. De plysje siket tsjûgen fan de rûzje om de hûn.