Guozzen folgje fia ynternet

14 mrt 2003 - 00:00

De provinsje Fryslân wol de guozzen dy't hjir oerwinterje tenei folgje mei help fan ynternet en sms. Guozzefreonen kinne gegevens oer de guozzen dy't se oantreffe yn it fjild fia sms trochjaan oan in database, dy't meikoarten op ynternet komt as www.goosetrack.com.

It guozzefolch-projekt kostet 660.000 euro en sil dit neijier begjinne. Yn Noardeast-Fryslân oerwinterje alle jierren sa'n 100.000 guozzen. It is it doel dat ek oare lannen meidwaan sille.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)