Slaanderij op Cambuurtraining

© Omrop Fryslân
Cambuur moast nei in wike fan grutte drama's freed wer gewoan spylje tsjin Fortuna Sittard. Abma, Durmusoglu en Loontjes, dy't fan 'e wike dien krigen, steane jûn gewoan yn 'e basis.
De gefolgen fan dy ûntslaggen binne noch te fernimmen. De training einige tongersdei yn in gaos mei fjochtsjende spilers: de reserves tsjin de basis-11. Oanlieding wie in groffe oertrêding fan Loontjes op Lionel Lord. Alle frustraasjes kamen der doe út.