Fiskers wolle Waad beskermje

14 mrt 2003 - 00:00

De kokkelfiskers wolle by in oaljeramp de Waadsee beskermje. De kokkelfloat fan 22 boaten sil dan massaal útrukke om slimmer foar te kommen. De boaten fan de fiskers binne tige gaadlik om te helpen by in oaljeramp omdat se net folle djipgong hawwe en dêrom oeral komme kinne. Boppedat binne se goed thús op it Waad.

De fiskers diene har oanbod tongersdei op it kongres Zwart Getij op Skylge oer eventuele oaljerampen op it Waad.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)