Konflikt Leppehiem/Boarnsterhim

13 mrt 2003 - 00:00

De direksje fan soarchsintrum Leppehiem yn Akkrum is lulk op de gemeente Boarnsterhim. De gemeente hat in tal organisaasjes dy't yn Leppehiem sitte, benadere mei de fraach oft se ek partisipearje wolle yn de nije brede basisskoalle dy't yn Akkrum komt.

Wethâlder Bouma fynt lykwols dat Leppehiem ta gau konklúzjes lûkt. It soe gean om amtlike útstellen. Wol sil Bouma mei de direkteur fan Leppehiem om tafel om de kjeld út de loft te heljen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)