Fryske filmpremiêre yn Snits

© Omrop Fryslân
Liever verliefd is in nije Nederlânske film. De offisjele premiêre wie fan 'e wike al yn Amsterdam, mar Snits hie woansdei in eigen feest.
Yn Cine Sneek, it eardere Amicitia, wienen alle akteurs foar de Fryske premiêre. Miryanna van Reeden, Elle van Rijn, Chris Zegers en Romijn Conen kamen nei de wetterpoartestêd om de film mei de Friezen te sjen. Cine Sneek wol mei acht sealen en 1600 sitplakken it filmsintrum yn Fryslân wurde.