Buro Gunnar Daan nei Burdaard

© Omrop Fryslân
It monumintale pakhûs De Eendracht yn Burdaard wurdt opknapt. Doarpsbelang is bliid dat de restauraasje lang om let freed begjint. It âlde fabryksgebou dat fertutearze is, wurdt as hingplak troch de jeugd brûkt.
As it opknappen klear is, festiget arsjitekteburo GDA fan Gunnar Daan him yn it pân. Doarpsbelang hopet dat der neist it arsjitekteburo, yn it gebou ek noch romte oerbliuwt foar lytse bedriuwen út Burdaard.