Trije Friezen nei Earste Keamer

© Omrop Fryslân
Trije Friezen hawwe nei alle gedachten in sit yn de Earste Keamer krigen. It binne Kobus Walsma fan it CDA, Bert Middel van de PvdA en Arjen van der Meer fan de VVD. Henk Pruiksma (CDA) stiet op it 24ste plak fan de list mei kandidaten, en dat is faaks krekt net genôch.
Jan van der Baan is kandidaat foar de Onafhanklijke Senaatsfractie. Dy hat no ien sit yn de Earste Keamer, mar mooglik reitsje se dy kwyt.