Totempeallen wiene te heidens

12 mrt 2003 - 00:00

In 40-jierrige man út Jobbegea hat ein foarich jier de totempeallen op 'e Himrik omseage. Hy die dat om't er de peallen te heidens fûn. De plysje kaam de man op it spoar nei in tip. De man hat in boete krigen en is ree om de skea fan 13.500 euro te fergoedzjen.

De totempeallen op 'e Himrik wiene al sûnt jier en dei in blikfanger yn it doarp. Der moatte nei alle gedachten nije peallen komme om't it op 'e nij pleatsen fan de âlde net slagje wol.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)