Minister iens mei útspraak NMA

© Omrop Fryslân
Minister Veerman hâldt fêst oan de útspraak fan de Nederlandse Mededingingsautoriteit oer de garnalefiskers. Dat betsjut dat hy neat docht oan de boetes dy't de NMA de fiskers oplein hat.
De minister fynt it terjochte dat de NMA de fiskers oansprekt op ôfspraken dy't se meitsje mei hannelers. Dat mei net, seit Veerman. It boetebeslút soe neffens him gjin negative gefolgen ha foar de wurkgelegenheid.