Heechste opkomstpersintaazje

© Omrop Fryslân
It opkomstpersintaazje fan it tal stimmers is mei 58 prosint yn Fryslân it heechst. Fjouwer prosint mear as yn 1999 gie mei de steateferkiezigs nei de stimbus. Oer it generaal wie de opkomst oer hiel Nederlân krekt wat heger as fjouwer jier lyn.
De provinsjale polityk libbet it minst by de minsken yn Noard-Brabân. De opkomst lei dêr op goed 40 prosint. Dat is fiif prosint leger as by de foarige Steateferkiezingen.