FNP en SP grutte winners

11 mrt 2003 - 00:00

De FNP en de SP binne de grutte winners wurden fan 'e steateferkiezings. De FNP boekte yn guon gemeenten spektakulêre winsten. Yn Skarsterlân is de FNP sels de twadde partij. De SP skoarde in lytse fiif persint en komt foar it earst yn 'e steaten.

Beskieden winst wie der foar de PvdA. De VVD wie de grutte ferliezer. De liberalen giene fan 9 nei 6 sitten. Nei de earste berekkingen liket GBF net werom te kommen en helle de LPF it net.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)