Flyers - Nijmegen: 0 - 5

© Omrop Fryslân
Foar de Formido Flyers út it Hearrenfean is it iishockeyseizoen oer en út. De ploech fan trainer Dave Hyrsky is yn 'e heale finale fan 'e play-offs om it Nederlânsk Kampioenskip útskeakele. Yn in reedlik fol Thialfstadion mei 2500 minsken ferlearen de Flyers mei 0 - 5 fan Nijmegen.
De Flyers krigen fan Nijmegen in leske yn effektiviteit. De oanfal fan 'e Flyers wist net in fûst te meitsjen.