Plannen Martiniwyk oanpast

11 mrt 2003 - 00:00

De plannen foar it herstrukturearjen fan de Martiniwyk yn Wolvegea wurde oanpast. Dat docht de gemeente nei beswieren fan bewenners tsjin de renovaasjeplannen fan de wyk.

De wenningboustichting hat besluten dat hierders nei de renovaasje net mear ferplichte binne om har hûs te keapjen. Der wurde 44 hierwenningen yn plak fan 51 sloopt. Mei elkoar wurde 220 hûzen opknapt. Nei de simmerfakânsje begjint de renovaasje fan de Martiniwyk.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)