Ynpikken fan gemeentegrien

© Omrop Fryslân
Achtkarspelen pakt it yllegaal brûken fan stikken grien fan de gemeente oan. Der binne sa'n 400 gefallen bekend fan minsken dy't in stik fan de iepenbiere grienstrook foar of achter hûs by de eigen tún lutsen ha.
De 'dieven' krije ynkoarten in brief fan wethâlder Van der Veen. Guon krije de kâns om it stik dat se har ta eigene hawwe te keapjen. Yn oare gefallen moat de grûn werom nei de gemeente, bygelyks omdat er kabels troch hinne lizze.