'Marrekrite krijt te min jild'

10 mrt 2003 - 00:00

Deputearre Van Klaveren hat moandei fûl úthelle nei de wettersportûndernimmers yn Fryslân. Hy ferwyt har dat se de Marrekrite net genôch jild jouwe. De Marrekrite soarget ûnder mear foar beskoeiings en oanlisplakken op it Fryske wetter.

Van Klaveren naam moandei ôfskie as foarsitter fan de Marrekrite. Hy krige by syn ôfskie in ûnderskieding foar syn fertsjinsten.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)