Chipkaart foar iepenbier ferfier

10 mrt 2003 - 00:00

It iepenbier ferfier yn Noard- en Súdwest-Fryslân krijt in elektroanyske strippekaart. Mei in chipkaart kin dan reizge wurde mei bus en trein. Foar it plan wurdt subsydzje oanfrege by it ministearje fan Ferkear en Wettersteat.

Provinsje, NoordNed, Arriva en Translink partisipearje yn it nije systeem. De chipkaart is al test en de ûnderfinings binne posityf. Der komme kaarten op namme en prepaid-kaarten, dy't opwurdearre wurde kinne.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)