Djoer ferlies Hearrenfean

09 mrt 2003 - 00:00

It is Hearrenfean snein net slagge oansluting te krijen by de subtop yn de earedivyzje. De fuotballers ferlearen yn Waalwijk kânsleas mei 3-0 fan RKC.

Hearrenfean kaam der net oan te pas. Allinnich it earste kertier koe de ploech in fûst meitsje. Nei de 1-0 wie it lykwols dien. Doe't RKC flak nei rêst 2-0 skoarde, leauden de Feansters der net mear yn. De Haan sette út ein mei Vayrinen en Selakovic, mar sy koenen dus ek gjin doelpunten bringe.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)