Beslissingsduel foar Blauw Wit

09 mrt 2003 - 00:00

Blauw Wit út Hearrenfean hat sneon yn de oergongsklasse kuorbal in goede slach slein. Thús wûn de ploech mei 16-11 fan konkurrint Drachten, nei in rêststân fan 10-5. It wie net in goede wedstriid, mar wol in spannende.

Konkurrint Koog Zaandijk wûn snein mei 13-8 fan Ljouwert. Dêrtroch binne Blauw Wit en Koog Zaandijk gelyk einige. De beide ploegen moatte takom wykein yn in beslissingsduel útmeitsje wa't kampioen wurdt.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)