Mooglik wynmûnen by It Fean

09 mrt 2003 - 00:00

Der komme mooglik 10 grutte wynmûnen op bedriuweterrein Kanaal of op yndustrieterrein Klaverblad Noard-East by Hearrenfean. Dat stiet yn plannen fan de gemeente.

Foar it streekplan fan de provinsje moat de gemeente plakken oanwize foar wynmûnen. Neffens wethâlder Scheweer is it terein Kanaal de beste lokaasje foar de mûnen. Dan moat de gemeente wol de lûdsnoarmen oanpasse, om't der no net mear lûd makke wurde mei.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)