Iepen dei by provinsjehûs

© Omrop Fryslân
Mei de ferkiezings foar Provinsjale Steaten yn oantocht, besiket de provinsje safolle mooglik minsken nei de stimbus te heljen. Sneon stiene dêrom de doarren fan it provinsjehûs iepen.
Op it provinsjehûs wie fan alles te dwaan. Sa wiene der rûnliedings en koene besikers sels even 'op it pluche' sitte. Ek presintearren de dielnimmende partijen oan de ferkiezings har wer ris.