Fjochterij Jousters en azc'ers

© Omrop Fryslân
De plysje hat freedtejûn seis jongeren oanholden by in massale fjochtpartij op De Jouwer. Dy gie tusken in groep Jousters jongeren en in groep jongeren út it asylsikerssintrum.
Yn totaal giene sa'n fyftich jongeren mei-inoar op de fûst. De seis dy't oanholden binne, binne tusken de 15 en 19 jier. Al langer binne der spanningen tusken de asylsikers en jongeren út De Jouwer. De oarsaak dêrfan is ûndúdlik.