Deadlik ûngelok by Boelensloane

© Omrop Fryslân
By in auto-ûngelok by Boelensleane is yn de nacht fan freed op sneon in man fan 21 jier út Houtigehage om it libben kommen.
It slachtoffer ride fan Boelensleane yn de rjochting fan Houtigehage. Troch noch ûnbekende oarsaak is er fan de dyk rekke en tsjin in beam oanriden. De plysje siket tsjûgen fan it ûngelok. Ek wol de plysje graach dat dejinge dy't it ûngelok melden hat, him bekend makket by de plysje.