Krityk BFVW op Vogelbescherming

08 mrt 2003 - 00:00

Foarsitter Anne Osinga fan it Bûn fan Fryske Fûgelwachten hat freed op de jiergearkomste fûl úthelle nei Vogelbescherming Nederland. Wat se yn Zeist dogge hat net folle mei fûgels te krijen, mient Osinga. Se binne oeral op tsjin, mar beskermje sels neat. "Lobbye en rapporten skriuwe, dêr hat in skries neat oan", sa sei Osinga.

De 124 Fryske Fûgelwachten mei mear as 20.000 leden dogge yn 'e praktyk folle mear foar de natuer, fynt Osinga.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)