Fryske deputearren net bekend

© Omrop Fryslân
Twa op de trije Friezen kinne net in namme neame fan in deputearre. Fan de 33 prosint dy't dat wol kin, is deputearre Bijman fan it CDA mei 13 prosint de bekendste. Mulder (PvdA) en Ploeg (CDA) komme dêrnei mei 11 prosint. Andriesen fan de PvdA krijt 8 prosint en VVD'er Van Klaveren slút de rige mei 6 prosint.
Kommissaris Nijpels docht it better. Fjouwer fan de fiif Friezen (80 prosint) neamt him as CdK yn Fryslân.