Kroeze Bedrijfwagens fallyt

© Omrop Fryslân
De rjochtbank fan Ljouwert hat tongersdei it bedriuw Kroeze Bedrijfwagens oan de Wetterwille op It Hearrenfean fallyt ferklearre. Kurator Brink hat yntusken it ûntslach foar de 12 wurknimmers oanfrege. It bedriuw hat in skuld fan 800.000 Euro.
Neffens Brink is Kroeze yn de problemen rekke trochdat in ein kaam oan it dealerskip fan it frachtweinmerk MAN. Brink giet der fanút dat it bedriuw in trochstart meitsje sil.