Pjutteliedsters wolle mear jild

07 mrt 2003 - 00:00

De liedsters fan de seis pjutteboartersplakken fan de Stifitng Profiel yn Snits wolle better betelle krije. Se krije no allinnich betelle as se foar de groep steane. Foar it folgjen fan bygelyks kursussen en administratyf wurk krije se neat.

De liedsters wurde betelle troch Stifitng Profiel, mar se wolle ekstra jild fan de gemeente ha. Wethâlder Ekhart fynt lykwols dat de gemeente genôch oan Profiel jûn hat.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)