73 prosint wit fan bestean FNP

© Omrop Fryslân
73 prosint fan alle Friezen wit fan it bestean fan de FNP. Yn oare provinsjes binne regionale partijen faak folle minder bekend. Dat docht bliken út ûndersyk fan it buro Interview-NSS.
It buro ferwachtet in grutte groei fan de ûnôfhinklike, regionale partijen by de kommende Steateferkiezings. De FNP sil by de Earste-Keamerferkiezings yn maaie op 'e nij kieze foar de OSF, in gearwurkingsferbân fan provinsjale partijen, dy't no ien sit hat.