Provinsje: ADSL foar doarpen

06 mrt 2003 - 00:00

De provinsje Fryslân sil him ynsette foar flugge ynternetferbiningen op it plattelân. Deputearre Andriesen wol prate mei grutte oanbieders lykas KPN en Essent. Dy fine dat oanlis fan de flugge ADSL-line te djoer is foar tinbefolke gebieten.

Op in tal plakken yn Fryslân binne aksjegroepen oprjochte om de doarpen dochs dy mooglikheid te jaan. De Feriening Lytse Doarpen wol in proef mei 'triedleas ynternetten'.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)