Wenromteprojekt tsjin úttocht

© Omrop Fryslân
Jobbegea en Hoarnstersweach sette har tegearre yn foar geskikte wenromte foar âlderein en jongerein yn beide doarpen. Sa moat de úttocht fan minsken dy't gjin hûs fine kinne, tsjin gien wurde.
De doarpen wurkje gear mei ferskate organisaasjes lykas wentekorporaasje Arqin en de gemeente Hearrenfean. Earst moat útfûn wurde wêr't krekt ferlet fan is. Sa kinne der besteande huzen oanpast wurde of nije soarchwenten boud wurde. De doarpelingen hawwe ynspraak.