Wensoarchwenten foar âlderein

© Omrop Fryslân
Der komme tritich saneamde wensoarch- wenten yn Wergea en tweintich yn Reduzum. Wenningboukorporaasje Woonwille en Zorggroep Noorderbreedte hawwe dêrta in konvenant tekene. Dat soart wente binne neffens harren frij unyk yn Fryslân.
Yn de twa kompleksen kin de âlderein wenje en ek yntensive soarch krije. Yn Wergea komme de wenten oan de westkant fan it doarp, yn Reduzum moat noch in nijbouplan komme.