Hearrenfean leit út Amstelcup

© Omrop Fryslân
SC Hearrenfean giet net troch nei de heale finales foar de Amstelcup. De Feansters ferlearen woansdei mei 2-1 fan PSV yn Eindhoven. Allinnich Hearrenfean-spiler Samaras wist de bal foar Hearrenfean yn de goal te krijen. Beide doelpunten foar de Eindhovenaren waarden makke troch PSV-topskoarder Kezman.
Trainer Foppe de Haan koe it ferlies woansdei mar dreech akseptearje.