Snits siket plak foar asylsikers

06 mrt 2003 - 00:00

Der wurdt plak socht yn Snits foar 17 asylsikers dy't yntusken in ferbliuwsstatus krigen hawwe. It giet om acht gesinnen. Schouwstra fan de ChristenUnie hat him it lot fan dizze minsken oanlutsen. Hy wol net dat de flechtlingen op strjitte komme te stean, as it azc yn Snits aanst tichtgiet.

Mei wenningbouferiening De Wieren is al praat om de asylsikers ferskate huzen ta te wizen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)