Brassband Menaam: 120 jier

11 mrt 2012 - 16:53

Brassband Halleluja yn Menaam fiert dit jier it 120-jierrich bestean. Op sneon 24 maart is dêrfoar in jubileumkonsert. Sopraan Fardau van der Woude sil sjonge mei de band. It eigen jeugdorkest De Toeterboefkes jout ek in optreden op dy jûn.

Muzykferiening Halleluja waard oprjochte op 8 novimber 1892. Dêrmei is it ien fan de âldste muzykferienings yn Nederlân. Oarspronklik wie it in fanfare, mar yn 1966 giene se oer op in nije opset as brassband. Ferline jier waard Halleluja op it bûnskonkoers earste en koene se promovearje.

Trefwurden: 
Menaam brassband Halleluja
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)