Doarp moat super rêde

© Omrop Fryslân
De eigner fan de iennige supermerk yn Twizel hat in oprop dien. De 1100 ynwenners fan it doarp moatte by him de boadskippen dwaan oars moat de Spar ticht.
Sûnt in jier hat it doarp noch mar ien supermerk. It lêste healjier draaide de winkel min om't de klanten fuortbliuwe. Even fierderop, yn De Westerein, binne fjouwer grutte supermerken. De eigner hopet troch syn brief dat de klanten weromkomme om syn winkel te rêden.