Aksjegroep nei bestjoersrjochter

© Omrop Fryslân
De aksjegroep Laat het Zout maar Zitten besiket by de bestjoersrjochter it winnen fan sâlt by Tsjummearum te kearen. Se fjochtsje de konsesje oan dy't it ministearje fan EZ oan Frisia yn Harns ferliend hat. Troch sâltwinnen soe de boaiem sakje en skea oan de huzen ûntstean.
Frisia wol dit jier mei it wurk begjinne. De gemeente beslút tongersdei oer wiziging fan it bestimmingsplan. Dat is nedich foar de wurksumheden.