Drachtsterfeartplan djoerder

© Omrop Fryslân
It Drachtsterfeartplan yn Drachten is 1,6 miljoen euro djoerder as tocht. Dat makke de gemeente tiisdei bekend. De hegere kosten hawwe te krijen mei de juridyske prosedueres. Dêrtroch duorret it langer.
De bou fan 800 huzen en it útbaggerjen fan de Drachtsterfeart komme neffens wethâlder Veenstra net yn gefaar. De gemeente kin de hegere kosten opfange binnen it budzjet fan seis miljoen euro dat foar de Drachtsterfeart útlutsen is.