Ried tsjin gokhal yn Trebol

05 mrt 2003 - 00:00

De ried fan Harns fynt unanym dat yn de gemeente gjin plak is foar in gokhal. B en W ha kontakt hân mei de fraksjes yn de gemeenteried. Dy wolle gjin gokhal yn teater Trebol.

De eigner makke tiisdei bekend dat er it gebou ferkeapje wol oan JVH Amusementscentra. Dy wol 50 automaten yn Trebol ha. Mei de opbringsten kinne neffens JVH grutte Nederlânske artysten nei Harns helle wurde. De gemeenteried fan Harns sjocht dat net sitten.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)