Fertochten nijjiersrellen frij

05 mrt 2003 - 00:00

De seis fertochten dy't noch fêst sieten yn ferbân mei de nijjiersrellen yn Nijehoarne binne wer frij. Dat is bard op inisjatyf fan it Iepenbier Ministearje yn Ljouwert, omdat it plysje-ûndersyk klear is. De seis sieten yn it hûs fan bewar yn Ljouwert.

Freed hie de offisier fan Justysje ek al in fertochte frijlitten. It OM yn Ljouwert stribbet dernei om alle fertochten noch foar de simmer foar de rjochter ferskine te litten.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)