Sweeftrein:Friezen meie it sizze

05 mrt 2003 - 00:00

De Friezen meie har miening jaan oer de sweeftrein. Deputearre Bijman makke dat woansdei bekend. Deputearre Steaten tinkt oan in opiny-ûndersyk, ynspraak- en ynformaasjegearkomsten en it riedplachtsjen fia ynternet as mooglikheden.

Fryslân is de ienige regio dy't de befolking om in miening freget. Foarsitter Alders fan de stjoergroep Zuiderzeespoorlijn hat it beslút fan it kolleezje dan ek as spitich bestimpele.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)