Fryske oandielebeurs fan start

© Omrop Fryslân
Neist de Nikkei indeks, de Dow Jones en de AEX is der sûnt tiisdei ek de FSE, de Frisian Stock Exchange. It giet om in oandielebeurs dy't opset is troch studinten fan de NHL yn Ljouwert.
Om it projekt wie al in protte te dwaan omdat de 'Autoriteit financiële markten', dy't op beurzen tasjocht, earst gjin tastimming jaan woe foar it learprojekt. Want in effektebeurs moat oan allegear regels foldwaan. Uteinlik joech it ministearje dochs ûntheffing.