Recron wol ôf fan NNBT

© Omrop Fryslân
De bestjoeren fan de Recron-ôfdielings yn Fryslân, Grinslân en Drinte ha it betrouwen opsein yn it Noord Nederlands Bureau voor Toerisme, it NNBT. De rekreaasje-ûndernimmers binne lulk dat se net mear belutsen wurde by it belied dat it NBBT yn de takomst fiere wol.
Foarsitter Boersma fan de Recron yn Fryslân pleitet foar it opheffen fan it NNBT en it op 'e nij oprjochtsjen fan in provinsjale Fryske VVV. Hy neamt de miljoenen foar it NNBT weismiten jild.