Foksejacht foar de rjochter

05 mrt 2003 - 00:00

De Faunabeskerming sleept de provinsje Fryslân foar de rjochter. De natuerorganisaasje wol net dat de jacht op foksen yn Fryslân tastien wurdt.

In moanne lyn makke de provinsje Fryslân bekend dat der op foksen jage wurde mei om de greidefûgels te beskermjen. De Faunabeskerming is it dêr net mei iens. De provinsje moat earst goed sjen nei it tal foksen yn Fryslân. Nije wike tiisdei is de rjochtsaak.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)