Eask yn saak-gas-eksploazje

04 mrt 2003 - 00:00

Tsjin in ynwenner fan Eanjum (42) is tiisdei foar de rjochtbank yn Ljouwert 18 moanne selstraf easke. De man wie mismoedich en woe himsels yn 2001 yn syn wente yn Marrum troch it gas fan it libben berôvje.

Doe't dat net slagge, miende er de kraan tichtdraaid te hawwen en stuts in sigaret op. Dêrop ûntplofte de boel en twa oare wenten rekken ek fernield. De Eanjumer wie swierferwûne. De útspraak is op 18 maart.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)