Allard Syperda op Oeral Thús

04 mrt 2003 - 00:00

Allard Syperda is de nije skipper fan it skûtsje Oeral Thús fan De Jouwer. Hy wie oant foar ferline jier skipper fan it skûtsje fan It Hearrenfean. Op it Jouster skûtsje folget er syn broer Peter Syperda op. Mei de nije skipper moat der ek in nije bemanning komme. In pear wiken lyn stapte de bemanning op.

Earder waard Baint Kramer neamd as kandidaat. Hy ferfong Peter Syperda ferline jier dy't fanwegen in blessuere net sile koe by de SKS.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)