Kealledykje yn novimber ticht

© Omrop Fryslân
Swimbad it Kealledykje yn Ljouwert giet yn novimber ticht. Dat is folle earder as pland. It beslút is naam omdat by in ynspeksje bliken die dat it swimbad der noch minder oan ta is as tocht.
Dizze wike wurdt it Kealledykje op 'e nij ynspektearre. Yntusken wurdt al hast acht jier praat oer in nij swimbad, mar dêr is noch hieltyd gjin dúdlikheid oer. De gemeente wol in iepenbiere oanbesteging foar in nij bad.