FNP-ers oan it aaisykjen

© Omrop Fryslân
Fiif FNP-ers ha moandei by Oentsjerk oan it aaisykjen west. Kramer, Toering, Bylsma, Folkertsma en Veldstra dienen dat om it belang te ûnderstreekjen dat ljipaaisykjen keppele wurdt oan neisoarch.
De FNP is it der net mei iens dat de deputearren en Nijpels fan it wykein net te aaisykjen wienen. Dat soe om it seizoen yn te lieden. Troch alle diskusje oer it aaisykjen gie dat oer. FNP fynt it aaisykjen in sûne tradysje.