Straf foar Dirk Jan Derksen

03 mrt 2003 - 00:00

Dirk Jan Derksen is per direkt weromset nei de twadde seleksje fan Cambuur. De fuotballer fan de Ljouwerter klub wurdt straft nei oanlieding fan syn útspraken by Omrop Fryslân radio en televyzje. Hy sei it net iens te wêzen mei it belied fan de trener. Dy hat him en trije oare spilers foar de wedstriid tsjin VVV nei de tribune ferwiisd.

De straf foar Derksen duorret oant de wedstriid tsjin FC Dordrecht. Beide partijen prate freed oer de sitewaasje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)