Wâldsang wint konkoers CBMF

© Omrop Fryslân
Brassband De Wâldsang út Bûtenpost hat sneontejûn it konkoers fan it kristlik bûn fan muzykferieningen wûn. De brassband helle 95 fan de 100 punten.
Twadde waard Bernlef út Noardburgum en dy promovearret dêrmei nei in hegere ôfdieling. Fan de 19 dielnimmende ferieningen oan it konkoers fan it CBMF hellen fyftjin in earste priis. Fiif dêrfan fertsjinje promoasje.