CU/SGP net oeral oer iens

03 mrt 2003 - 00:00

ChristenUnie en SGP steane yn Fryslân op ien list, mar de gearwurking tusken beide politike partijen is net maklik. Dat die bliken op de provinsjale temadei fan ChristenUnie/SGP.

Benammen wat it lânboubelied oangiet kinne beide partijen it net iens wurde. Fraksjefoarsitter Van der Vlies fan de SGP wie wol posityf oer it foarstel fan de Fryske ChristenUnie/SGP om in bedriuwsopfolgingsbeurs yn te stellen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)